Aaibaksel

“Bist dêr al wer?” Nynke is noch gjin twa minuten lyn de doar út gong foar in bakje tee by in freondinne en meastentiids is sy dan wol en moai skoftsje fuort. – “Ja, har froulju bin oan it bakken en sy frege as ik noch efkes in aai meinimme woe.”

Dy hawwe wy wol yn’e kuolkast en fan dy aaidoaskes om yn te ferfieren ek wol. Ik rin de tún yn mar haw noch gjin twa stappen set as ik in alarmearjende toan hear dy’t ik regelmjittich hear hjir om’e doar en dy’t ek yn dit gefal net folle fantasy freget. “O nee!!!”

Gelokkich falt it in slach ta en hat it aaidoaske de meast hurde klap op’e grun krekt wat sêfter útfalle litten. Der sit in lyts skuorke yn’e aaikes, mar sy giet fuort troch nei plak fan bestimming en dêr kinne se fuortdaliks brûkt wurde foar de baksels.