Syn kofje mei gebak hat hy al wol hân yn de kofjemoarn fan jierdeis, mar nei in skoftsje komt ús âldere gemeentelid hast strompeljend út de Feansterseal yn De Lantearne. “Efkes bewege hear”, sa klaget hy oer de pine dy’t lang sitten him docht.
Behearder André sit yn de hal efkes in bakje kofje te drinken en freget wat oer dit soad fan pine. “Kom der efkes by sitten!”, grapkje ik. “Och jong…” De man kin der wol om laitsje. “En lizzen dan, wol dat wol wat?”, freget André fierder. – “Ja, dat giet gelokkich bêst.”
“No, kom der dan by lizzen”, grapkje ik fierder. Dat komt my dan hast op in pak op’e hûd te stean, mar gelokkich kinne wy der tegearre wol efkes om laitsje. “No kom ik aanst ek yn dyn stikjes in Kruispunt tink”, laket hy. Tsja, it bart allegearre efter de skerms yn ús tsjerkegebouwen.