Asosjaal

Om te trainen foar ús fakânsjereis nei Noard Ierland meikoarten, hawwe wy fan’e wike noch in kuier makke fan sa’n santjin kilometer troch ús prachtige omjouwing yn’e Wâlden. By de Mûntsegroppe hiene wy in bakje kofje dronken en ik hie hjir alris in beamke opsocht.

In oerke fierder moat ek Nynke fansels noch wol in kear troch de knibbels en sy fynt dêrfoar in plakje tusken de beammen, yn’e greiden. “Vind je dat niet a-sociaal?!!”, sa ropt in frou dy’t har sjocht fan út in tún efkes fierderop oan’e oare kant fan de wei.

Us útlis dat de need heech is feroaret neat, sy bliuwt it asosjaal finen. It is dan miskien wyldpisjen wat wy dogge, mar de rest fan ús kuier bliuwe wy yn petear wat der eins sa asosjaal is oan it út en troch opsykjen fan in beamke as der nearne in iepenbier húske te finen is.