“No, ik haw wer wat meimakke hear!” Ik lis al in skoftsje op bêd mar bin al gau wer wekker as Nynke fol bombary thúskomt fan in bingojûn fan de personielsferiening. Sy fertelt oer de grutte prizen dy’t der wiene wêrûnder in telefyzje, in magnetron en noch mear weardefolle saken.
“Yn ien fan de rûnten wie der ek in sekspakket te winnen”, sa fertelt sy fierder, “en dêr hiene wy al hiel wat om lake. ‘Hja sille sjen, dy win ik wer’, sa hie ik al sein. En ja hear…”
“No bin ik tenei ‘Nynke sekspakket’ en fansels sille myn kollega’s moandei wol witte wolle hoe’t myn wykein west hat.” Mar nei ôfrin kaam der in manlike kollega fan in jier as sechstich – hy hie in kreaze bon fan in túnsintrum wûn – dy’t wol nijsgjirrich wie nei de ynhâld fan it pakket. “Wy hawwe ruile”, beslút sy har ferhaal laitsjend.