“De Jong docht fanmoarn net iepen…” It is de skjinmakster fan buorman dy’t om healwei njoggenen by my foar de doar stiet. “Oars is hy altyd op tiid of lit hy in doar iepen stean, en hy is 93 jier, witte hja wol…”
Wy hawwe in kaai en ik rin mei de frou mei. Al roppend geane wy nei binnen: ‘folk!’ “Hy is ek noch net ûnder west, sa kin ik wol sjen”, dielt sy noch mei. “Ik fyn dit wol spannend hear, ik gean net mei nei boppe.”
Gelokkich is dat ek net nedich, want ynienen stiet buorman foar ús noas yn’e keuken. “Myn klokje rint noch wol lyk hear”, sa wiist hy op syn holle. “Mar juster mei it feroarjen fan de simmertiid haw ik alle klokjes lyk set, behalve myn wekkerradio.” Hy wie dus gewoanwei wat letter as oars út syn bêd, der is neat oan’e hân.