“Mem, wa is sterker, mem of heit?” In jonkje stiet yn’e supermerk efter op de winkelkarre. – “No, mem fansels!”, antwurdet mem gedachteleas, mear mei har gedachten wikseljend tusken de boadskippen en har listje dan by de fraach.
Jonkje is it hjir net mei iens. “Nee heit! Want heit is grutter”, en hy neamt fuortdaliks in oantal foarbylden om syn gelyk oan te jaan. Mem bliuwt drok dwaande mei de boadskippen, fynt dit ek wol prima en lústeret dan ek mar mei in heal ear. “O, is dat sa?”
As sy by de kassa oankomme en de measte boadskippen wol yn it karke sitte, hat mem wat mear oandacht foar har soan en wiist him op it pak makaroany en de ketchup dy’t sy keapjen geane. “En wa kin it lekkerste iten side?”, wol sy fan har jonkje witte, dy’t hjiroer net lang nei hoecht te tinken “No, mem fansels.”