Wrâldreis

Earnewâld, dêr gong ik yn myn jonge jierren mei kammeraten hinne op fakânsje en dêr dronken wy dan ús bierkes. Dat wie doedestiids al in hiele fakânsje. Ik sjoch dan ek mei fronseljende eachbrauwen nei de wrâldreizen dy’t de jongerein tsjintwurdich meitsje yn in tuskenjier.

Jaloersk bin ik net, mar fyn it sawier wol hiel bysûnder dat ik meireizgje kin troch Polarsteps en sa mei genietsje kin. Sa ferbliuwt de dochter fan in kammeraat fan my al in heal jier yn Australië en Nieuw-Zeeland en folgje ik ek in jong pear út ús gemeente op harren reis troch Thailand, Indonesië en Nieuw-Zeeland.

Boppedat reizgje ik mei in omkesizzer mei troch Japan en Zuid-Korea. Ik lês hiele moaie ferhalen en sjoch prachtige foto’s, ik haw der wol aardichheid oan en dat allegearre fanôf de bank. En dan geane wy meikoarten ek sels noch op reis. Sa reizgje wy de wrâld run.