Lintsje

Moat ik net ris sjen om in oare printer, sa betink ik my as myn âlde fertroude masyntsje stees mar ôfdrukken fan minne kwaliteit jaan bliuwt. “Brûkt heit dat âlde printerke noch in soad?”, sa doar ik him te freegjen, omdat ik wit dat hy krekt sa’n merk laserprinter hat.

“Efkes in nij lint der yn, jong”, sa is syn advys. Hy wit noch wol krekt hoe’t syn typmasyntsje yndertiid wurke. “Linten binne al lang út de tiid heit”, sa moat ik eins wol in bytsje laitsje mar it set my dochs oan it tinken.

Ik nim de cartridge út syn printer efkes mei om te besykjen as dizze yn myn printer ek wurket en ja hear, it is wer klear! En ik mar tinke dat dy apparaten tsjintwurdich wol oanjouwe as der in ‘nij lint’ nedich is. Heit hat yn elk gefal wat my oanbelanget wol in lintsje fertsjinne.