Wekker wurde

It is noch tsjuster. Ik wie betiid wekker, koe net mear sliepe en bin in eintsje te kuierjen gong. Yn hast alle huzen is it noch pikketsjuster, yn in inkeld hûs knipt in ljochtsje oan of brânt al in lampke. In gerdyntsje wurd iepen skood, it raamke iepen set.

In man mei in bôlebakje slacht de foardoar efter him ticht en stapt yn’e auto. Yn in rychjeshûs stiet ien ûnder de dûs, ik hear it frisse wetter op’e tegels fan’e badkeamer kletterjen. In auto rydt my foarby, it raamke stiet in bytsje iepen, sigarettereek is te rûken. Op’e krusing nimt de bestjoerder yn’t buske in slok kofje.

It is in aardichheid om te fernimmen hoe’t it Fean wekker wurdt. Werom yn myn eigen strjitte is it foaral noch hiel tsjuster. In buorman hat de houtkachel al brânen, no brânt der ek by ús thús in ljochtsje. De dei is begûn.