“Wat moatsto by de ferloskundige!?!” Yn myn dielde aginda stiet yndied dat ik moarntemoarn om kertier oer tsienen in ôfspraak haw mei de ferloskundige en dit is fansels wol in bytsje nuver as man fan oer de fyftich wylst syn frou fan neat wit.
No it sit sa: ik wol graach it programma fan de Feanster Music Night noch efkes trochrinne mei myn assistinte oan de beamer by dit muzykfestival en sy hat allinnich noch in heal oerke tiid foar my tusken har sprekoeren as ferloskundige yn.
Tusken echo-apparaten en bloeddrukmeters yn nimme wy it hiele muzykprogramma troch en stees wer binne der nûmers wêr’t ik pikefel fan krij, sa moai fyn ik se. Mei de artysten, de band, de beljochting en belibbing derby sjoch ik myn emoasjes heech oprinnen tidens de útfiering; it sil wol in swiere befalling wurde mei in soad pikefel. Gelokkich is de ferloskundige der by!