Us hiele tún stiet op it stuit op’e kop omdat wy flink oan het ferbouwen binne. Foar de betimmering fan it nije skuorke helpt Willem ús en om healwei tsienen haw ik al in kear roppen foar de kofje, mar hy komt mar net.
As ik hinne gean sjoch ik nei efkes sykjen Willem op’e grûn lizzen dy’t oan it boarjen is. Dan kin ik it net litte om dêr in foto fan te meitsjen en te ferstjoeren nei myn ferpleechkundich spesjalist mei de tekst: ‘Willem is net goed wurden, ik haw 112 belle.’
Krekt as ik my betink dat it grapke dochs wat te fier giet en ik it mar wel fuort helje moat, giet myn telefoan. “Ik hoopje dat dit in grapke is?”, sa klinkt de fraach yn in toan dy’t net safolle antwurden ferneart. It is noch goed tusken ús en it is ek goed mei Willlem.
N.S. Willem kin yn wurklikheid ek oars hjitte.