Faktaal

“No moatte wy mar efkes yn’e pannen tink…” De mannen dy’t ús túnskuorre delset hawwe, binne takaam oan de ôfwurking. Sy hawwe fan’e moarn earst sa’n fjouwerhûndert pannen nei de tún kroade, hawwe krekt in bakje kofje hân en lûke no harren wurkmoffen oan.

“Ja, wy sille se der efkes opsmite”, reagearret syn kollega wêrnei’t se harren wurkwize besprekke. “Do giest op’e nok sitten, ik smyt se dy ta en do leist se te plak”, ynstruearret de opsichter en yn rap tempo swaait hy letter de pannen nei boppe, dy’t dêr opfong en te plak lein wurde.

It is dúdlik te sjen dat de mannen dit putsje wol faker dien hawwe en op inoar ynspile binne, it is in aardichheid om te sjen. Ut en troch moat der wat op maat makke wurde, it stekt nau. As de pannen der op lizze, ‘smite sy de goaten der noch efkes tsjinoan.’