“Hoi Dick! Ik heb een e-reader gekocht”, sa lês ik yn in berjochtsje fan in freondinne. Sy freget har no ôf hoe’t sy dêr boeken op kriget. “Ik kom wol efkes del”, sa is myn antwurd en in dei letter sit ik al by har oan de kofje.
Oardel oere letter bin ik wer thús. Haw ik no werklik sa lang dien oer dit putsje, freegje ik my ôf, mar sy reagearret dat wy mear sitten hawwe te kletsen en dat it wol gesellich wie.
Yn de middei haw ik wer in putsje. In oare freondinne wol in belle mei in kamera oan’e doar ynstallearje en komt der net hielendal út. Ek hjir is it putsje samar klear. “Der is ien by de doar”, sa konkludearje wy laitsjend by in bakje kofje. It docht bliken dat wy sels oanbelle hawwe om te testen. Ek hjir wie it in gesellich putsje.