Yn balâns

“Dit wie fan’t jier de lêste kear dat ik dit doch!”, foeteret ien fan de frijwilligers by it ynleverjen fan de enveloppen foar de tsjerkebalâns. “It binne ek altyd deselden dy’t it spul net op tiid klear hawwe!”

In oare frijwilliger werkent dit ek wol, mar besjocht de balâns fan in oare kant; it glês is ommers like fol as dat it leech is. “Ik haw in hiele moaie dei hân”, seit de man dy’t al in pear jier allinnich is en der wat moais fan makke hat. “Hjir en dêr wurde ik nei binnen roppen foar in bakje kofje, wy hawwe hiele moaie petearen hân. Efkes prate oer it wolwêzen, werom as sommige minsken net mear nei’t tsjerke geane en oer alle feroaringen binnen de tsjerkemuorren.”

Somtiden moat de saken wolris yn in oar perspektyf set wurde, dat soarget dat de saken mear yn balâns binne. Oant oare jier!