Yntimidearje (1)

Twa jonges fytse my foarby, de iene hat in lûdsprekker efterop en de oare sjocht my by it ynheljen wol sa yntimidearjend en ûnnoazel oan dat hja der hast benaud fan wurde soene. Twa froulju fytse der efteroan.

Omdat ik net sa gau earne benaud foar bin, skrik ik net fan de ûnnoazele holle dy’t my oansjocht, mar ik sjoch like ûnnoazel wer werom. O nee, ik bin net de man fan kwea mei kwea ferjilde, mar dit soad fan aksjes kin ik nea begripe en dêr lit ik my net bang troch meitsje.

De jonge hat yn’e smizen dat syn stoere aksje gjin fertuten docht, en fytst troch. Wat is dat dochs, wat de jongerein dan freget? Is it oandacht, is it stoer dwaan? “HOI MYNHEAR!!!”, sa wurdt my somtiden wol ta raast troch foaral jonges dy’t ik tsjinkom. Begripe doch ik it net. Diene wy soks eartiids ek?