Komplemint

Yn de sauna haw ik noch mar krekt myn badjas ôf dien om in kabine yn te stappen as ik in âlde frou yn in badjas tsjinkom, sy rint mei in kuierstôk. “Meneer, mag ik u een compliment geven?”, freget se my neidat se my hielendal besjoen hat.

Ik stean dêr hielendal yn it neakene himd en in pear sekonden giet der fan alles troch my hinne. “Waarmee, als ik vragen mag?” Dan sjocht sy my rjocht yn’e eagen. “Dat u geen tatoeage heeft!” Har eagen flitse noch efkes oer de groede op myn rjochter boppe-earm. “Een prettige dag nog!”

Ik bin te ferbjustere om te freegjen wat sy hjirmei krekt sizze wol. Wy komme har letter op’e dei net wer tsjin en meitsje dus sels mar ús antwurd: sy sil hjoed al aardich wat minsken tsjinkaam wêze mei tatoeaazje en yn fergeliking dermei bin ik fansels ien kreaze skiente.