Bûsboekje

“Foar it earst hie ik dit jier gjin bûsboekje kocht”, sa lei ik de mefrou efter de toanbank by de Afûk út. “Mar ik mis ’m no dochs.”

Al in oantal kearen earder dit jier soe ik der nei omsjen, mar hjoed soe it dan dochs wêze. Op de ynternetside fan organisaasje dy’t de Fryske taal befoarderet hie ik sjoen dat de Fryske aginda’s noch te bestellen wiene foar €3,95 mar omdat ik dochs nei Ljouwert moast, koe ik it ek wol ophelje.

“No, dan hawwe jo gelok”, seit de frou efter de toanbank. “Ik haw se niiskrekt yn de prullebak smiten.” Sy rint nei efteren yn de winkel en dûkt foar my yn de bak en komt mei in eksimplaar werom. “Asjebleaft, dy krije jo fan my foar €2,50.” Sa wiis as in protter kin ik ek dit jier dochs noch oan’e slach mei in Frysktalige aginda, myn bûsboekje.