Trochride

Doe’t ik fanmiddei de doar útstapte om nei Ljouwert te riden foar de skriuwkursus tocht ik wol aardich op’e tiid te wêzen, mar op it klokje yn it desboerd sjoch ik dat it al rom oer ien oere is. Neat oan’e hân, want dan kom ik meastentiids ek noch wol op’e tiid, mar ik mei dochs altyd wol graach wat op’e tiid wêze.

“Dochst de doar wol op slot?”, sa hat myn frou ek noch mei klam frege en ik miende dat ik dat wol dien hie, mar no’t ik twa strjitten fierder bin, begjin ik hjir al wat oan te twiveljen: bin ik dochs net te hastich west en sûnder ôfsluten yn’e auto stapt?

No wit ik it ek net mear, mar werom gean om te kontrolearjen is yn elts gefal gjin opsje mear. Dat soe my allinnich mar mear yn tiidneed bringe en dus riid ik mar troch.