Wy soene efkes in dei nei de sauna, mar de KNMI hie in soad snie foarspeld mei in stoarmeftige wyn. Sniebuien, wynfleagen en it koe wolris glêd wurde op’e dyk en derom wie der de koade giel ôfjûn foar it ferkear.
Tsja, wat dogge jo dan, sa stiene wy te twiveljen as wy no ferstannich wêze soene en ús dei mei ûntspanning foarby gean litte of dochs mar hinne gean? By de koades giel of somtiden sels read dy’t de lêste tiid ôfjûn wiene, wie it ommers meastentiids wol aardich tafallen.
Wy binne eigenwiis west en dochs mar hinne gong, it waar hieltyd goed yn’e gaten hâldend. Op de weromreis sjogge wy dat der eins neat oan’e hân is. Kin de KNMI miskien ek in koade rôze ynfiere, foar as sy sels ek net sa goed witte hoe’t it sit. Dan kinne wy dan sels noch neitinke wat wy dogge…