“Dochsto ek oan sport?” Ik lis op de massaazjetafel foar myn rêchklachten en om wat te dwaan oan taaie spieren. – “Jaa-aa, ik kuierje in hiele protte”, is myn stoere antwurd. It is efkes stil. “Dat is net echt sport”, sa krij ik foarsichtich te hearren. De masseuze sit mear te tinken oan swimmen of fitness, dan krije bynammen skouders en rêch wat mear beweging.
No, as der eat is wêr’t ik net bliid fan wurd dan is it wol fan swimmen en gewichtheffen, mar nei de safolste knik troch de rêch haw ik wol yn’e smizen dat der wat barre moat. Om it izer fuortdaliks mar te smeien, haw ik okkerdeis in ôfspraak makke by de sportskoalle en in abonnemint kocht by it swimbad.
Mei noch in hippe sportbroek en in strakke Speedo swimbroek bin ik der no hielendal klear foar. In bytsje oanmoediging kin ik noch wol brûke.