Efkes in krantsje helje by skoanheit, dat doch ik wolris faker. Op dizze freedtemoarn wie der net ien yn de keamer, ik hearde dat der stofsûge wurde en seach om it hoekje yn’e hal. Skoanheit wie de sliepkeamer oan it sûgjen en koe ik it net litte om ûndogens de stekker der efkes út te heljen.
Langsum bôge hy foaroer en seach feralterearre nei de stofsûger, mar foardat it ûndersyk úteinset wie, wurke it apparaat fansels al wer. Neidat de masine foar de twadde kear ophâlden wie, knipte skoanheit efkes it ljocht op en út: nee, de stroom wie der net ôf.
Ik krige wol aardichheid oan de man dy’t hieltyd mar fernuvere om him hinne seach, mar by de tredde ‘steuring’ makke ik de oarsaak dochs mar bekend. “Docht de masine it net mear?” Mei balde fûsten mar in grutte glimk wurde ik doe ferwolkomme. “Och doe jonge…”