“Hoo-aaw!!!” Yn in greep nei wc-papier sjit it my yn’e rêch en sakje ik troch de knibbels yn’e badkeamer. Efkes wurdt it my swart foar de eagen en as it wer in bytsje ljocht wurdt, is it iennichste dat ik fiel in djippe pine dwers troch myn ûnderrêch.
Dêr sit ik dan op’e knibbels, hoe kom ik hjir wer wei? Krûpend kom ik by ús bêd en takelje my hjir yn om efkes wat by te kommen. Dan moat ik ek alwer oerein want oer in kertier moat ik by de toskedokter wêze. “Hoe woesto dêr komme?”, sa wurdt my frege.
“No gewoan, op’e fyts”, is it iennichste dat ik my betinke kin. De snear dy’t ik dan te hearen krij haw ik net ûntholden, mar as ik kremearjend de auto yn krûp, haw ik wol yn’e smizen dat fytse net de tûkste manier fan ferfier is op dit stuit