Hjir doocht wat net, is it earste dat der troch myn holle giet nei it wekker wurden. Ik hear in lûd dat ik net hearre moat. As ik ûnder yn’e keuken bin foar myn moarnsiten, wurde myn tinzen befêstige: de temperatuer is hjir hast tritich graden, de kachel hat de hiele nacht stean te loeien!
Mei de houtkachel oan hawwe wy it sa ynsteld dat de wenkeamer gjin waarmte kriget fan de sintrale ferwaarming mar de keuken wol. Mar is der dan neat feroaret yn dizze ynstelling en it wurdt ‘s nachts wat kâlder yn’e keamer, dan rekket dit systeem yn’e war.
Wylst wy der oan de iene kant alles oan dogge om safolle mooglik te besparjen mei hege enerzjy prizen, is hjir de ôfrûne nacht in soad weismiten. Elkenien hat it tsjintwurdich oer minuutjsjes koarter dûse, njoggentjin graden en in tekkentsje, by ús is it gewoan tropysk yn’e hûs.