Splinterke

Noch in lêste slach dwaan en dan is ek dizze put wer kleare, en krekt dy lêste heal skaavje ik mei myn tomme oer in wat rûch latsje dat ik meinimme sil. “Au bliksem!!!”, sa rop ik tsjin gjinien yn it bysûnder want ik bin hielendal allinnich, de reaksje giet lykwols automatysk.

Der is in splinter krekt ûnder de nagel fan myn tomme kaam. Dat is in aardich pynlik plakje dy’t ik dan ek tige goed fernim. It puntige stikje hout der efkes út helje is myn earste aksje, mar hy sit der sadanich fier yn, dat ik der krekt net by kin.

It begjint allegearre wat te tûkjen en ik haw wol yn’e smizen dat it der út moat, mar hoe? “In bytsje pulkje mei in nultsje”, krij ik as tip, mar allinnich dêr oan tinke jout my al pine yn’e bûk. Earst mar ris wekje mei wat Soda…