“Moatst efkes de slachrjemme fan dyn kin ôfhelje”, seit sy midden yn har petear mei Peter, dy’t krekt wat te begearich mei syn stikje apeltaart dwaande west is. “Sa kin ik dy net serieus nimme.” Peter faget kuerich syn kin ôf.
Johan sit neist Peter en betinkt him net en stekt efkes syn noas yn’e slachrjemme fan syn gebakje. De hiele besite moat der op in stuit sa’n bytsje om laitsje. “Wat is der oan?!”, freget sy har ôf omdat sy der neat fan begrypt. Dan sjocht sy Johan en hat se it yn’e smizen.
In pear minuten letter kin ik it ek net litte en rûk efkes oan de slachrjemme op myn advokaatsje. Net sa lang dêrnei sit it hiele selskip alwer te gnyskjen. Sy wit net wa’t se no serieus nimme moat, begjint heal op my te foeterjen wêrop der noch mear lake wurdt. De slachrjemme smakke bêst.