Read

“Grien of giel?” Ik bin by de grienteboer en as ik dan kiwys bestel, krij ik altyd de fraach hokfoar kleur ik wol. ‘Grien’, siz ik alle kearen en dan komt it wol goed. De jongeman efter de toanbank hat se al kreas yn in taske dien as ik my wat betink by de folgjende bestelling.

“Mei ik wol fjouwer sitroenen”, freegje ik. Hy draait him fuortendaliks om mei in pûdsje om dizze yn te dwaan, mar ik nuansearje de bestelling in bytsje. “Ik wol graach reade sitroenen!”

De jonge werhellet myn bestelling om der wis fan te wêzen dat hy it goed heart hat en wit it dan ek net mear. Hy sjocht helpleas nei syn kollega mar dy hat in klant, kin my wol in bytsje en lit him der mei rêde. “Dy haw wy net”, sa lost hy it op. Dan kinne wy der wol om laitsje.