Okkerdeis

It is alwer hast twa jier lyn dat ús mem ferstoarn is en sûnt foarich jier oktober is ek ús omke Jan Kooij net mear ûnder ús op dizze wrâld. Dan learst wol aardich gau om alles fanút in oar perspektyf te sjen. Foto’s, oantekeningen en oare oantinkens dy’t oars sûnder tinzen wer fuort lein wurden, besjochst no efkes wat langer: och hearkes ja, sa wie it…

By it opromjen fan it guod fan sawol omke Jan as ús mem, komt der út en troch noch wolris wat op’e tafel en ek is der wolris wat kunde dy’t mei aardige dingen út it ferline lâns komt. Heit is no 78 jier en dy fynt dit soad saken fansels al hiel lang ynteressant, ik merk dat ik der ek stees mear ynteresse foar krij.

Okkerdeis krigen wy in berjochtsje ûnder eagen dat yn juny 1918 yn de krante stien hat oer Fokko Jan Kooij (1895-1940), de broer fan myn heit syn heit Dirk Kooij (1911-1993). Dizze man hie doedestiids in winkel op’e hoeke fan De Kolk en de Groningerstraat, op it plak dêr’t no Bakker Bart de broadsjes bakt en eartiids ek Oebele van der Veer jierenlang in Kroon selsbetsjinningswinkel hie.

“Tegen den winkelier F.J. Kooij te Surhuisterveen is proces verbaal opgemaakt wegens verkoop van harde zeep boven den maximum prijs. Dubbel stukken harde zeep (60pct vetzuurgehalte) werden in plaats van 33cts voor 60cts en dubbel stukken harde zeep (25 pct vetzuurgehalte) van 18 cts, voor 33cts verkocht.”

‘Dizze man is letter ferûngelokke op sinteklaze jûn’, sa wist heit te fertellen. In wike letter fynt hy in kranteknipsel oer it foarfal. Yn de rubryk Op zoek naar Roots dy’t âld Feanster Jelle Kooistra jierren lang yn De Feanster skreaun hat, lêze wy net allinnich oer it ûngemak, ek fine wy mear ynformaasje oer ús famylje.

“Donderdagavond ongeveer 8 uur had alhier een droevig ongeval plaats. Toen de ruim 45-jarige winkelier F. Kooij van Surhuisterveen met paard en wagen op weg was naar huis, schoot het stokraam uit de wagen, waardoor de wagen in een sloot terecht kwam. De heer Kooij geraakte hierbij tusschen de wagen en de wal, waarbij zijn borstkas werd ingedrukt en de dood onmiddellijk intrad. De deelneming met de betrokken familie is zeer groot.”

Foardat ik it yn de gaten haw, sit ik yn de argiven fan Jelle Kooistra yn Kanada, haw ik allegearre âlde kranten fûn en wurd ik ynspirearre om sels oan it skriuwen te gean. It sil net sa gau barre dat ik de genealogy yn dûk, mar de skiednis fan myn wenplak Surhústerfean fyn it tige ynteressant.

Sa bin ik no al op’e rige oan it setten wat der sa al fan út de saak op’e hoeke fan De Kolk en de Groningerstraat ferkocht is yn de tiid tusken dat stikje sjippe boppe de maksimum priis en it farske stikje bôle fan hjoed. Dêr sil ik fêst ek noch wolris in spikerbroekje tusken fine.