Tsjonge jonge, dat hawwe wy wer hear… Wy dogge sa ús uterste bêst om sa duorsum mooglik te libjen, hawwe wy fannewike ynienen de Friese Milieu Federatie (FMF) op ús dak. Wy wiene noch mar amper fan bêd woansdeitemoarn of dêr stie de wurdfierder fan dizze organisaasje al mei in kameraploech foar de doar.
Dan steane hja dochs wol efkes wat ferbjustere te sjen yn ús oars altyd mar rêstige strjitsje. No, wy fansels elkenien mar sa freonlik as mooglik fan kofje en tee foarsjen en tusken de bedriuwen troch ús ferhaal wat dwaan. Allegearre saken woene sy witte oer hoe’t it allegearre begûn wie en hoe drok wy it der wol net mei hiene en sa.
Neffens de FMF-juery hawwe wy mei Deelkast Us Stekje it meast duorsume inisjatyf fan Fryslân en in heal oere nei it ferhear stiene wy bûten by de kast mei in bokaal yn’e hân.