Mieretytsjes

Yn it spultsjeprogramma Ik hou van Holland op’e telefyzje moasten de teams okkerdeis de betsjutting jaan fan it wurd ‘mieretietjes’. “Hele kleine tietjes”, sa antwurde ien fan de dielnimmers, wat fansels liede ta laitsjen. Dat moast fansels pikefel wêze.

Doe’t ik in pear dagen letter by wintersk waar mei myn oarehelte yn’e badkeamer stie, hie ik myn bril net op, mar it like wol as dat ik seach dat sy pikefel hie. Mei myn minne eagen moast ik it allegearre wat fan tichter by besjen, en beweegde my wat nei har boppelichem ta.

“Hey, do hast mieretytsjes”, sa fernaam ik by it bestudearjen fan it pikefel. De reaksje hjirop seach ik net oankommen, ik krige fuortdaliks in klap tsjin myn kop en sy stapte lilk de badkeamer út. Sy tocht fêst dat ik seach nei it lêste diel fan it wurd, mar ik seach dochs wier dat sy pikefel hie…

Scroll naar boven