“Ja goeiedei, jo prate mei my, ik woe graach in ôfspraak meitsje.” Sa ûngefear begjin ik myn telefoan petearkes om in ôfspraak by dokter of wat oars te meitsjen. As de assistinte dan freget ‘wa bisto?’, dan wit ik wol dat ik gewoan yn myn eigen memmetaal trochgean kin en ik net hoech om te skeakeljen.
By Fryske bedriuwen wêrfan ik service freegje, begjin ik nea yn it Nederlânsk, omdat it dan automatysk yn dizze taal trochgiet. Der binne minsken dy fine it ûnfatsoenlik om gewoanwei yn it Fryske te begjinnen, mar ik fyn it just hiel gewoan om dit yn ús heitelân te dwaan.
Ik bin grutsk op myn memmetaal en wol dizze net nei de eftergrûn ferdwine litte troch automatysk (of út fatsoen?) yn it Nederlânsk te begjinnen. Dêrom begjin ik yn it Frysk, net omdat it moat, mar omdat it kin. “Ja goedei, jo prate mei my!”