Laminaatsnijer

“Is in laminaatsnijer net wat foar dy?” Dizze suggestje wurdt my dien omdat ik al in tiidsje dwaande bin mei it lizzen fan sa’n flier op’e souder. Ik doch dat op myn eigen amateuristyske manier en moat foar elke planke nei de garaazje om dizze op maat te meitsjen mei in sirkelseachmachine. Dat jout nammentlik nochal wat stof en dat wol ik leaver net op souder ha.

Ik tink efkes nei. Wy hawwe ús hiele hûs koartlyn foarsjoen fan nije flieren en as de souder aanst klear is, kinne wy dêr ek wol wer in skoftsje mei foarút. Boppedat bin ik hast klear mei dit putsje en foardat ik ek mar neitink oer in nije flier wêr dan ek yn’e hûs, stiet sa’n apparaat allinnich mar yn’e wei. Dat ‘nee’, ik hoech gjin laminaatsnijer mar rin leaver fyftjin kear deis de trap op en del om wat by te seagjen.