Ik seach him al fanút de fierte oankommen, hy fytste mei syn smartphone yn’e hân. Alle kearen wer sa’n trije tellen it each op de tillefoan en dan hie der de fjirde tel efkes tiid om te sjen as hy noch wol yn it rjochte spoar siet. Yn rap tempo kaam hy tichterby en al kuierjend hie ik hieltyd it sicht op ’m.
Der siet in frekwinsje yn: trije tellen sjen op’e tillefoan en ien op’e wei… Hy fytste keurich om my hinne en alles gong goed, dus soest hast sizze: neat oan’e hân, mar it betsjut wol fiifensantich persint fan’e konsintraasje op’e tillefoan en de rest op’e wei.
Dat sjocht der net sa bêst út foar de takomst as’t witst dat der no ek al genôch autobestjoerders it each hast net fan harren tillefoan ôf hâlde kinne en ik it apparaat hiel faak wol stikem op’e knibbel lizzen sjoch.