Kelderke

It wie in dream… It wetter stie heech, it kelderke yn de keuken stie al ûnder wetter, de wc-rôlen dreaune al yn’e rûnte. Ik soe wol efkes nei it túnhokje om in pompke op te heljen en sa it wetter wer fuort te pompen.

Doe’t ik yn it hokje wie, wie dit ynienen ek in kelder wêryn it wetter aardich heech stie, ik hie al gaueftich wiete sokken. It wetter kaam rap omheech – ik moat hjir wei, sa tocht ik yn panyk – mar mei de pomp yn’e hân kaam ik al net mear by de doar.

Mei it wetter oan’e middel ta probearje ik by it raamke te kommen, mar dit wol net stik. It wetter komt stees heger, ik rêd it net. Ik wol werom om te sizzen dat it wetter omheech komt, mar dat slagget net, wy komme net mear byinoar. Gelokkich mar, it wie in dream…