Mûlekapke

“Wolle jo asjeblieft wol in mûlekapke drage?” It famke by de yngong fan de supermerk hie it hiel fatsoenlik frege mar dizze klant hie wegere. In hiel soad minsken fynt it mar neat – ik bin der sels ek gjin leafhawwer fan – om dy ûnhandige dingen te dragen, mar it moat no ien kear.

De oare klanten dy’t netsjes oan harren ferplichtingen foldogge, sjogge dizze frou fan middelbere leeftiid wol wat nuver oan, mar it kin har net safolle skele; sy is wol faker dwers tsjin it belied dat fierd wurdt tsjin korona.

By de kassa wurdt it efkes wat oars as de sjef tegearre mei de ôfdielingslieder har opwachtet en sy hiel koart troch de bocht binne: mefrou, jo meie jo karre mei boadskippen hjir wol stean litte en de winkel fuortdaliks ferlitte. In moaie manier om dúdlik te meitsjen dat net elkenien har eigen belied samar meitsje kin.