Kaai

De doar is by ús meastentiids los, elkenien dy’t gjin kwea yn’e sin hat, is wolkom en kin troch de garaazje efterom komme. Allinnich as wy fuort binne of oars dwaande wurdt de kaai efkes omdraaid.

Hjoed wie ik wat oan it karweien west en hie dêrby in wat âldere spikerbroek oan dien. Doe’t ik ynienen efkes fuort moast, hie ik der net oan tocht dat Nynke daalks ek fuort gean soe. Ik hie gjin kaai yn dizze bûse en sa kaam it dat ik in heal oerke letter by ús eigen hús foar de doar stie en der net yn komme koe.

Tsja, de kaaihâlders binne allegearre fuort en dêr steane hja dan yn’e rein mei de âld broek oan. Gelokkich wist ik noch in plakje wêr’t ik al jierren lyn in sleuteltsje ferstoppe hie foar dit soad gefaltsjes en wie ik nei in lyts ynbrektrúkje dochs wolkom thús.