“Hawwe jimme ek byntried? De jongeman yn’e boumerk dy’t ik dit freegje sjocht my sa frjemd oan dat ik it mar efkes ferdúdlikje. “Foar yn’e tún.” Noch stees sjocht hy my oan mei in helpleaze blik en antwurdet op’t lêst. “Dat weet ik niet.”
“Soest der ek efter komme kinne”, sa bring ik him úteinlik yn beweging en dan fertelt in kollega dat hy by de izerwaren wêze moat. Hy wiist my op de kolleksje tried, mar ik fyn net wat ik haw moat. “Dan hebben we het niet”, is dan syn konklúzje wêrnei ik him tankje foar syn help.
Omdat ik seker wit dat it oanwêzich is, sykje ik sels op de túnôfdieling en fyn wat ik haw moat. Op wei nei de kassa kom ik de jongeman wer tsjin en ik hâld it pakje omheech. “Foar as der wer ien komt om byntried, it leit op de túnôfdieling.”
(Les ek: Personielstekoart)