“Heeft u er misschien ook een dubbeltje bij?”, sa freget it famke efter de toanbank freonlik oan de man dy’t tsjinoer har stiet. De man siket yn syn beurs en al syn broeksbûsen mar kin gjin wikseljild fine. “Ik moat altyd al myn jild ynleverje by myn frou”, sa giet de man fierder.
Blykber moat hy útlis jaan oer syn tekoart oan wikseljild. It probleem is lykwols alwer oplost, want it famke hat genôch yn’e kassa om it bedrach op in oare manier passend te meitsjen.
Ik krij de triennen hast altyd yn’e eagen as ik dit soad mannen tsjinkom. Op de ien of oare manier fyn ik se sa sillich. Se fertelle oeral dat harren frou thús de baas is en dat se sels net safolle te sizzen hawwe. Eins is it hielendal logysk dat dizze man net genôch wikseljild mei hat, hy is ommers sels gjin stoer wurdich.