Fytserekje

Efkes in wykein mei de famylje nei de Veluwe, de fytsen moat mar mei. Dat kin tsjintwurdich hiel maklik mei de fytserekjes. Meastentiids leveret dit ek gjin problemen op mar hjoed sjogge wy al foar Hearrenfean de auto dy’t efter ús rydt alarmearjend knipperjen mei de ljochten.

Efkes letter stean wy mei twa auto’s efterinoar op’e flechtstreek wylst it ferkear op’e snelwei by ús del stoot. It is myn fyts dy’t efter de auto hinget, passearjende auto’s hiene der al drok op wiist. Rap meitsje wy de boel wer fêst en ride nei de folgjende ôfslach.

De foarste fyts blykt der ferkeard om op kaam te wêzen en dêrtroch stiet ek myn fyts ferkeard om, sa konkludearje wy en draaie de fytsen om. Gelokkich is de skea beheind oant it hânfet, mar it is dochs wol skrikken as der op’e sneldyk ynienen in fyts minder efter op it fytserekje stiet.