Floara

“Witst wat echt sûn is?”, sa krige ik as ynformaasje mei fan de grienteboer neidat ik in pear ûnskes soerkoal besteld hie. “In pear skepkes rouwe soerkoal, hiel goed foar bygelyks dyn termfloara.”

No haw ik der eins gjin flau benul fan hoe’t it steld is mei myn termfloara, mar ik fûn it wol sûn klinken dus ik naam in ûnske ekstra mei. “Want it is behoarlik yn’e war mei myn termfloara”, sa grapte ik en foardat de grienteboer it sels sizze soe ferfolge ik: “Eins is it hielendal wat yn’e war mei my.”

No, doe hie de grienteboer dêr fansels wol in oplossing foar troch dan mar in pear kilo soerkoal mei te nimmen en rou op te iten, mar ik haw it dochs mar by de termfloara litten. En no mar ris sjen as der ek wat feroarjen giet en as it allegear wat opknapt mei myn termfloara.