“Ik haw in nije ferslaving…” Twa froulju sitte gesellich byinoar te keuveljen oan in bakje kofje. Se sjogge inoar oan as waard der in hiel grut geheim ferteld wylst ien fan harren langsum oan in pak út de boadskiptas tefoarskyn hellet. “Dit is sa lekker hin, ik kin der de hiele dei nei útsjen en der jûns net fanôf bliuwe.”
De froulju begripe inoar hielendal, prate der oer en sa docht bliken dat sy beiden wol sa’n eigenaardichheid hawwe. “Hast ien pak helle foar fannejûn?” It antwurd op de fraach giet fergeseld fan in ûndogenske blik.
Net twa, net trije, net fjouwer mar fiif pakjes mei lekker guod komme út it taske. “Sa kin ik yn elts gefal wer in pear jûnen foarút.” De froulju laitsje mar raak en ferguodlikje harren geneugten oan alle kanten as sy ôfskie nimme: “tsja, fan in augurkje haw ik dochs wier wat minder wille…”