In moer fan de maat M10 moast ik hawwe, mei fansels in skroeftried yn deselde maat. De skroeftried hie’k samar, om de moer moast ik wat langer siikje. Uteinlik fûn ik se, mar werklik wier, alle moeren sieten stik foar stik ferpakt yn in plestik pûdsje… mei streepkeskoade.
Skodholjend moast ik efkes werom tinke oan eartiids. By ‘Jongsma gereedschappen’ – it hûs tsjinoer de toer – leine dan alle moeren en bouten los yn in bakje en koest mar pakke safolle ast ha moastst, Drieske wist wol wat it wie en wat it allegearre kostje moast.
It personiel fan tsjintwurdich wit sûnder streepkeskoade somtiden net iens wat se ferkeapje of wêr’t it leit en kaam okkerdeis sels mei in ôfwaskboarstel oansetten doe’t ik frege hie om in wc-boarstel. Dan mis ik foaral yn’e boumerk dochs echt wol in Drieske, dy’t oeral ferstân fan hat, advys jout en alles wit te finen.