It gie wat te mâl mei de ynsulten, en dêrtroch mocht ik in oantal jierren lyn net mear komme by de bloedbank. Dêr kaam ik alwer hiel folle jierren en pear kear per jier en fielde my dan in hiele held tusken alle oare bloedleveransiers dy’t it libben fan oare minsken mooglik meitsje.
Doe’t ik in tydsje lyn nei de bloedbank belle om oan te jaan dat ik no alwer in oantal jierren ynsultfrij bin, fielde ik my alwer in hiele held dy’t de mouwen wol wer opstrûpe wol. Mar ik hoech net mear te kommen, it stimpel stiet op myn dokumint dat dêrmei foargoed ôfsletten is.
Nea wer in held tusken de helden, nea wer in folde koek mei in bakje kofje om by te kommen… Myn donorkaart bewarje ik, om werom te sjen op myn heldentiid. Myn bloedgroep is O POS, wa’t wat haw wol, kin it krije.