Hjir wennet ien dy’t in blêdblazer hat, sa is myn konklúzje wannear ’t ik derlâns kuierje. Yn de hiele strjitte lizze gjin blêden op’e dyk mar hjir wol, wylst de tún sûkerskjin is. Sûnder folle ferstân fan de natuer te hawwen is te sjen dat de blêden simpelwei fan de tún nei de wei blaast binne.
Eins is dit mar in egoïstyske aksje. No is de tún fan dizze minsken dan wol skjin, mar no leit de blêdetroep op de iepenbiere dyk, wêr’t elkenien der lêst fan hat. Tsja, dêr mei de gemeente dan wer mei rêde tink.
Oan de oare kant is it ek nochris in hiel ûnnoazele en ûnsinnige aksje. In pear kear in pûst wyn en de blêden lizze ommers wer oeral. As jo de blêden út de tún hawwe wolle, romje se dan ek efkes op. In âlderwetske túnklauwer docht dan ek noch goed wurk hjer.