Blokkearre yn’e hûs

Wy binne tegearre yn’e keuken it iten oan it klearmeitsjen. De doar nei de bykeuken is ticht en dan ynienen fernim ik dat de fear fan de kruk kapot is, of sa. De kruk giet wol nei ûnderen mar der bart neat, de doar giet net iepen.

Troch de foardoar kinne wy de garaazje net ynkomme, dizze doar sit op’e heak. Ek de skuttingdoar sit ticht, boppedat sit ek de efterdoar op’e heak. En it túnhok sit ek op slot, dus ik kin net by myn ark komme om aksje te ûndernimmen.

Omdat alle doaren op’e heak sitte, hoege wy net ien te skiljen mei in kaai, it hûs is blokkearre. Dan ynienen betinkt Nynke har dat sy niiskrekt efkes nei de dielkast west hat en wierskynlik de garaazjedoar iepen stean litten hat. Troch de foardoar gean ik nei bûten en in pear sekonden letter is de trochgong wer frij.