Al in moai skoft hawwe wy geniete kinnen fan in nestke fan yn els gefal fiif lytse readboarstjes. Alle dagen wer binne de heit en mem drok dwaande mei de oanfier fan wjirmkes yn it bekje en al gau hawwe wy yn’e smizen wêr’t is nestke sit: yn de houtsteapel njonken it hûs.
It is in aardichheid om dizze bedriuwichheid te besjen en fansels sjogge wy út en troch efkes yn it nestke. Fan’e wike wie it op in moarntiid leech…
Nynke tinkt dat de jonge fûgeltsjes útflein binne omdat sy de dei derfoar al aardich entûsjast oan it springen wiene. Omdat is fleis fan de readboarst lykwols soppich, licht fertarber en smaaklik is, hawwe wy ús kat de nacht mar binnen hâlden, sadat sy it nêst in els gefal net leech rôft hat. Heit en mem fleane hjir noch alle dagen om mei wjirmkes, it sil wol goed komme…
