Ho!

De fytser dy’t my yn’e mjitte komt is drok dwaande op’e telefoan, sa sjoch ik al yn’e fierte, en dan ek hielendal fokust op it skerm, gean sekonde sjocht hy op het paad foar him. Neffens my is it dochs wol sa feilich om út en troch ris efkes op de wei te sjen.

Ik beslút om him net tidich efkes kreas yn te seinen dat ik as tsjinlizzer aanst wolris ynienen yn’t paad stean kin. Net ik, mar hy is ommers ferkeard dwaande en moat in warskôging hawwe.

Ik wachtsje oant hy flakby my is. “Ho!”, rop ik dan hiel lûd en ik klap dêrby yn’e hannen. Hy sit noch krekt net oarsom op’e fyts, mar skrikt dochs wol efkes. “Ho”, sa hear ik him ferskrikt sizzen, mar hy fytst krektlyk sa troch. Ik hoopje mar dat der aanst gjin pealtsje op syn paad stiet. Dy seit gjin ‘ho’.