BH

“Wêr is myn bh no?” Hast spierneaken stiet sy foar my yn de sliepkeamer, krekt ûnder de dûs wei. “Ik hie ‘m hjir dochs niiskrekt dellein?!” Sy rint wat hastich sykjend troch de keamer en al gaueftich krij ik de skuld.

“Do hast ‘m ferstoppe!”, sa krij ik dan ek te hearren en yndied soe it wol in grapke fan my wêze kinne, mar ik sis neat. “Of haw ik ‘m dochs yn’e koffer dien?” Wy steane op it punt om op fakânsje te gean en der sit dus ek wol wat druk op’e tsjettel.

Sy siket noch efkes in lyts skoftsje en dan ûntdekt sy sawol de oarsaak as de oplossing fan it probleem. “Och! Ik haw ‘m al om!” Ynienen kinne wy der tegearre hiel bot om laitsje. It binne fan dy dingen wêrfan wy inoar allegearre wolris beskuldigje, ea fan sykjen mei de eagen ticht of sa.