It is twa minuten foar de tsjinst, ik sit moai yn’e bank te wachtsjen oant de dûmny binnen komt en kin noch krekt efkes kontrolearje as wy wol online binne, lykas ik wol faker doch. ‘Ferhip! Wy binne net online’, sa sjoch ik dan ta myn skrik en sto fuortdaliks nei efteren om te sjen nei de oarsaak hjirfan.
Ferhip, der sit ek net ien efter de kamera, sjoch ik wylst ik dêr del draaf en dan fleane der allegearre gedachten troch myn holle yn in heale minut tiid. Ik kom der efter dat ík kameratsjinst haw. Wylst it sjongen al begûn is, start ik de boel hastich op en mei triljende fingers regelje ik de boel yn.
Dit is in grouwe flater fan mysels, ik haw hiel simpel hjoed net yn myn aginda sjoen. Wy wiene wat let online, mar miskien hat net ien wat fernaam fan dizze flater.