Foar myn reiske nei Grins fan’ moarn haw ik juster alles hielendal útsocht en fan wêr’t de bus stoppet is noch tsien minuten rinne nei it besykadres. Kreas op tiid stean ik fiif minuten fan tefoaren by de bushalte, mar ûntdek ik dat ik net de júste halte is.
Rap kuierje ik nei it goeie stopplak, mar nei tsien minuten wachtsjen kin ik oars net as konkludearje dat ik te let bin. Tweintich minuten letter rydt der gelokkich alwer in bus en no stean ik rom op tiid by de goeie halte. It is net oars, ik kom wat letter.
Dan giet myn telefoan. It is myn nichtsje Eline. “Sta jij bij de bushalte?” Sy wurket yn Grins en ik kin meiride. Hiel gesellich efkes bypraat. “Ik haw de bus mist, mar kom dochs earder dan ôfpraat”, sa berjochtsje ik nei Grins. Dat freget ommers wol om in bytsje útlis…