Lawaai

‘ Toet-toet-toet-toet…’ Okkerdeis bin ik in kear op in jûntiid it bêd út west om te sjen wêr’t dit lûd wei kaam, it wie krekt as lei de hoarn fan’e telefoan der net goed op. Ik bin troch de hiele keet hinne west mar koe it net fine.

Lústerjend mei it raam iepen koe ik net oars as fêststelle dat it in hiel fier dreagjen lûd is, earne fier fuort. Fannacht wurde ik der wer wekker fan, eksakt om fiif oer healwei twaen. ‘Wat foar idiotery is dit?!’, sa betink ik my wylst ik net wer sliepe kin. Pas om fiif foar twaen hâld it op.

Wat is dit?! Der moatte dochs mear minsken wêze dy’t dit hearre of op dit alarm reagearje? Fan’e middei run fiif oere hearde ik it wer, dat ik stap op de fyts en gean op ûndersyk. Earne by de Avek hâld it wer op…